internetboekhandel.nl
buttons Home pagina Kassa pagina, Winkelwagentje Contact info Email ons
leeg Home pagina Kassa pagina, Winkelwagentje Contact info Email ons Home pagina Rijks
Boekenweek
Rijks Home pagina Home pagina Kassa pagina, Winkelwagentje Contact info Email ons Besteller 60
 
Nederlands Buitenlands   Alles  Titel  Auteur  ISBN        
Regionale fiction
Friestalige boeken, romans/literatuur etc.
Bij u in huis op: dinsdag


Willem Schoorstra

De nacht fan Mare

€ 19.50


Mare, santjin jier, iennichst bern, beskerme grutbrocht yn in begoedige húshâlding. Thomas, twaentweintich jier, soan fan in kroechbaas en op `e syk nei syn plak yn de weareld. Dat binne de haadpersoanen yn dizze nije roman fan Willem Schoorstra. Se moetsje inoar ein jierren santich yn Ljouwert, by it legindaryske konsert fan Herman Brood yn de Prinsetún. Tsjin in dekôr fan rock `n roll, polityk bewustwêzen en seksuele útspattings en represje ûntjout him in relaasje dy`t alles mei ferslaving te krijen hat. `De Nacht fan Mare is, nei twa histoaryske romans, opnij eigentiids wurk fan Willem Schoorstra. In boek dat de lêzer fuortendaliks by de lurven krijt, om dêrnei net wer los te litten.` Ut de ynhâld `Ik moat my noch even deljaan,` sis ik tsjin him, wylst ik op it matras krûp. `Komst by my te lizzen?` `Jawis,` antwurdet er. Hy laket en hellet de tonge suggestyf oer de lippen. `Echt net. Dyn lul triuwt tsjin dyn harsens. Kom.` Ik draai my op `e side en hy giet tsjin my oan lizzen. Hy slacht de earm oer my hinne, de skonk. Op slach fiel ik my beskerme. In oester yn in skulp. Hy hat macht oer my. Mar syn macht is in soarte fan yntimiteit, wy steane inoar nei, tusken ús is alles dúdlik.



Taal / Language : Fries / Western Frisian

Extra informatie: 
Paperback / softback
272 pagina's
Oktober 2017
391 gram
210 x 147 x 25 mm
Het Nieuwe Kanaal
Achterkant:
Bekijk de achterkant


Bij u in huis op: dinsdag
Dit artikel is aanwezig in onze winkel