Gratis verzending vanaf € 25
Wij verzenden naar Nederland en België

  • Tr. Riemersma,De Reade Bwarre
  • Tr. Riemersma,De Reade Bwarre
Tr. Riemersma,De Reade Bwarre
De Reade Bwarre
€ 24.95

Levertijd: 1 tot 3 werkdagen

It kearnferhaal yn dit boek hannelet oer de bodzjende gerniershúshâlding Bosma, alias de ‘Modderklauers’, op it Ferwerter klaailân. Dêrnêst is der de geheimsinnige sekte fan de ‘Bwarristen’ dy’t de lear neifolget fan de reade boarre Boldgrim, de ‘grutte ferneuker’. In tredde ferhaalline fertelt de jeugdoantinkens fan it jonkje Tilly, it autobiografyske part fan it boek. Tuskentroch spylje parody op en polemyk mei histoaryske figueren út de Fryske beweging en literatuer, taalwittenskip en skiednis in rol.
It boek stelt troch de ôfwykjende stavering it ideaal fan it Frysk as in folsleine kultuertaal yn de kiif. Riemersma doktere dy stavering út yn de tiid dat hy en oaren iveren foar fiergeande staveringsfernijing, dy’t der yn 1980 by einsluten net kaam.
De Reade Bwarre wurdt algemien sjoen as it hichtepunt yn it wurk fan Trinus Riemersma. Hy krige der yn 1995 de Gysbert Japicxpriis foar. Dit boek is de werútjefte fan de twadde printing út 1993.


Taal / Language : Fries / Western Frisian

Extra informatie:
Nije bibliotheek
Paperback / softback
503 pagina's
Mei 2010
613 gram
210 x 140 x 31 mm
EAN: 9789089541727
TDE

Levertijd: 1 tot 3 werkdagen