Gratis verzending vanaf € 30
Wij verzenden naar Nederland en België

Hein Jaap Hilarides,De trekker fan Troje
De trekker fan Troje
€ 19.50

Levertijd: 2 tot 4 werkdagen



Identititeit, de Fryske saak, leafde en wraak, dat binne de tema’s fan dizze Bildungsroman. Stap foar stap wurket Hilarides ta nei in thrillerachtige ûntknoping.

Friso Wassenaar is lobbyist yn Brussel. Hy wrakselet mei syn identiteit yn it postmoderne Europa. Syn twillingbroer Hero sit op de pleats dêr’t de Wassenaars al generaasjes op buorkje. Heit Klaas Wassenaar is harren foarbyld. Yn 1990 wie hy de lieder fan in grutte boereaksje. It belied fan de Europeeske Uny bedrige de boeren yn harren fuortbestean.
Tweintich jier letter stride Friso en Hero foar de autonomy fan Fryslân. Mei in leger fan trekkers besette se Brussel.Dan komt heit ûnder in muorre en ferûngelokket. It docht bliken dat de hiele erfenis nei Hero giet. Boppedat hat de twilling noch wat út te fjochtsjen. Se falle op deselde frou: Andrea Kalma.

Hein Jaap Hilarides is skriuwer en muzikant. Hy is berne yn St.-Jabik. Syn âlden hienen in boubedriuw. Hy wenne yn Ljouwert en Grins, dêr’t er it Van Hall Ynstitút die, en yn Amsterdam. Oan de UvA helle er syn doktoraal foar Frysk.


Taal / Language : Fries / Western Frisian

Extra informatie:

Paperback / softback
296 pagina's
Mei 2017
429 gram
210 x 140 x 27 mm
EAN: 9789056154097
Uitgeverij Bornmeer

Levertijd: 2 tot 4 werkdagen