Gratis verzending vanaf € 30
Wij verzenden naar Nederland en België

D. van der Ploeg,De oarloch fan Durk van der Ploeg
De oarloch fan Durk van der Ploeg
It wrede foarjier / Reis nei de Kalkman / It lekken oer de spegel
€ 6.95

Bij u in huis op: dinsdag
Dit artikel is aanwezig in onze winkel


Tusken 1988 en 1995 ferskynden fan Durk van der Ploeg fjuwer romans, dy't hysels de Dongeradielen-syklus neamde, De Jacht (1988), It wrede foarjier (1994), Reis nei de Kalkman (1995) en l Itekken oer de spegel (1995).

Yn dizze fjouwer romans stiet de Twadde Wrâldoarloch sintraal en de ferwurking dêrfan. Op magistrale wize set Durk van der Ploeg in stik politike en sosjale skiednis del, dy't foar in soad fan syn generaasjegenoaten noch altiten tige werkenber is. Mar hy stelt ek aktuele kwestjes oan de oarder. Bygelyks de fraach oft wy tegearre mei de Dúsers de Twadde Wrâldoarloch betinke kinne.

Mei De Jacht en It wrede foarjier begûn foar Durk van der Ploeg it suskes by it gruttere lêzerspublyk. Dizze titels waarden ferskate kearen werprinte.
Reis nei de Kalkman en It lekken oer de spegel koene ek by de literêre krityk op in waarme ûntfangst rekkenje, mar binne al wer in tal jierren útferkocht. Genôch reden dus om dizze twa titels mei it wrede foarjier no yn ien bân út te bringen.

De Dongeradielen-syklus is foar Durk van der Ploeg it begijn fan in tige fruchtbere perioade yn syn skriuwerskip, dy't oant hjoeddedei trochgiet. Hichtepunten yn syn oervre nei 1995 binne ûndermear In bit yn it iis (1996), it wurk fan 'e duvel (2000), Foarby it Boarkumer fjoer (2002), It himelsk oerwurk (2007) en De kjeld fan it noarden (2010).

Tekst in Frysk

Extra informatie:

Gebonden: harde kaft
Mei 2011
629 gram
211 x 139 x 43 mm
EAN: 9789033009815
Friese Pers Boekerij Uitgeverij Noordboe

Bij u in huis op: dinsdag
Dit artikel is aanwezig in onze winkel