Welkom bij onze webshop
Wij verzenden naar Nederland en België

  • Antoine de Saint-Exupery,De lytse prins
  • Antoine de Saint-Exupery,De lytse prins
Antoine de Saint-Exupery,De lytse prins
De lytse prins
€ 15.50

Levertijd: 1 tot 2 werkdagen
Dit artikel is aanwezig in onze winkel

De Lytse Prins is in modern mearke en in boek foar jong en âld. In piloat makket in needlanning yn `e Sahara en treft dêr de lytse prins, dy`t him wûnderlike en wize ferhalen fertelt...

-Farwol, sei de foks. Dit is myn geheim. It is tige simpel: kinst it bêste sjen mei it hert. Dêr`t it om giet, dat is mei de eagen net te sjen.
-Dêr`t it om giet, dat is mei de eagen net te sjen, sei de lytse prins it him nei, om it te ûnthâlden.

De auteur, Antoine de Saint-Exupéry, dy`t ek de prachtige yllustraasjes makke, wie piloat en yn tsjinst fan `e alliearden. Hy skreau De Lytse Prins yn it oarlochsjier 1943. In jier letter kaam er om doe`t syn fleantúch op in ferkenningsflecht delhelle waard.

It boek is al yn withoefolle talen oerset en heart ta de klassiken fan `e wrâldliteratuer. Dizze útjefte, in oersetting fan Jacobus Quiryn Smink, ferskynde yn 1998 foar it earst yn it Frysk by de Koperative Utjowerij yn Boalsert. Dit is in yntegrale werútjefte fan dy publikaasje.



Taal / Language : Fries / Western Frisian

Extra informatie:

Paperback / softback
93 pagina's
Met illustraties
December 2012
128 gram
191 x 124 x 9 mm
EAN: 9789089544964
Elikser B.V. Uitgeverij

Levertijd: 1 tot 2 werkdagen
Dit artikel is aanwezig in onze winkel