Yn de Bernebibel steane 25 bibelferhalen út it Alde en it Nije
Testamint mei koarte teksten en grutte yllustraasjes. De ferhalen wurde
ienfâldich en oansprekkend ferteld yn eigentiidske en op bern
rjochte taal.
Mei de waarme en kleurrike yllustraasjes fan Marijke ten Cate - mei in
protte details - fertelle se it ferhaal fan de skepping oant de dei dat
Jezus weromkomme sil.
Ut it Alde Testamint komme nêst de bekende ferhalen oer de
skepping en Noach ek minder bekende ferhalen oan bod, lykas it wer
opbouwen fan de muorren fan Jeruzalem ûnder lieding fan Nehemia.
Ut it Nije Testamint is ûnder mear keazen foar de berte en it
libben fan Jezus, Sacheüs, de reizen fan Paulus en de fisioenen
fan Johannes.
De teksten binne skreaun troch seis betûfte berneboekeskriuwers. De Afûk soarge foar de oersetting.
De oarspronklike útjefte yn it Nederlânsk, de
Prentenbijbel, ferskynde foar it earst yn 2008 en kaam tagelyk ek
út yn it Dútsk, en dêrnei yn it Frânsk en it
Noarsk.
Tekst in Frysk
Leeftijd: 4 tot 8 jaar
Taal / Language : Fries / Western Frisian
Extra informatie:
Gebonden: harde kaft, 184 pagina's
Met illustraties
Verschenen: oktober 2010
Gewicht: 1013 gram
Formaat: 259 x 233 x 22 mm
Uitgeverij Jongbloed

|
|
, Bernebibel Prijs Euro 32.50
|
Bij u in huis op: woensdag Betaal vóór: 16:00
|
| Andere titels binnen de rubriek: |
| Religie en kinderbijbels(< 12 jaar)
|