De Hobbit Frodo Balsma krijt fan syn âlde nuveraardige omke
Bilbo in wûnder kado presint: in magyske ring dy't yn
oerâlde tiden makke is troch de Tsjustere Hear Sauron om
dêr de wrâld finaal mei te oerhearskjen. Frodo stiet
foar de drege taak om dat op te kearen. Hy moat de Ring yn it fjoer
fan 'e fulkaan, dêr't dy yn smeid is, smite.
Dat smyt spannende, benaude en merakelse aventoeren op. Us krigele
stek-yn-'e-bûse striidt tsjin - en mei - dwirgen, elven,
keningen, ferflokte legers, trochtrape tsjoenders, mysterieuze
Ringgeasten, fûle rôffûgels, mesjoche meunsters en
oar aaklik njirrebrod.
Dat alles spilet yn in eksoatysk lânskip - ûnder- en
boppe-ierdsk, paradyslik en tagelyk ûnherberchsum - mei
idyllyske bosken,
net te betwingen bergen, ûnpeilbere ravinen en dûnkere
hoalen,
kerbûstige rivieren en ûneinige seeën: Midierde -
in fiktive wrâld, dy't J.R.R. Tolkien sels skoep, kompleet mei
folken, talen, skiednis en mytology.
De Hobbit fan John Ronald Reuel Tolkien (Bloemfontein 1892 -
Bournemouth 1982) is de prolooch op Master fan alle Ringen, en stiet
oan 'e widze fan 'e saneamde fantasy-literatuer.
De wrâldwiid populêre trilogy The Lord of the Rings
(Hollânske oersetting: In de ban van de Ring) is ferfilme
troch Peter Jackson en yn tsientallen talen oerset, dit is de
fjouwerenfjirtichste.
Liuwe Westra levere in masterstik mei syn Fryske oersetting fan it
earste diel The Fellowship of the Ring, It Selskip fan de Ring.
Tolkien hie dêr grif niget oan hân, want hy begong syn
wurk eins gewoan as taaloefening.
Tekst in Frysk
Taal / Language : Fries / Western Frisian
Tolkien, J.R.R., It selskip fan de ring Prijs Euro 35.00
|
Bij u in huis op: woensdag
|
| Andere titels binnen de rubriek: |
| Vertaalde literaire roman,novelle
|