Ale is foarman fan de strjitmakkers fan de gemeente. Leit der in
tegel bryk yn it trotwaar of op in skoalplein, dan meitsje de manlju
de saak wer sljocht. Ale is de gewoanste man dy’tst dy mar yntinke
kinst: hy is hast mei pinsjoen, yn syn frije tiid mei er graach
fiskje en hy en syn Frouk wachtsje op de berte fan harren earste
bernsbern.
It gesellige libben yn it doarp, de kollega’s dêr’t jo wol of
net in wurdsje mei prate, it wurk dat meastentiids net yn sân
hasten dien wurde moat: Ale lit him de kop net gek meitsje. Yn dy
sin liket er in soad op de lju út
Fol túch de mist yn (2010), it earste
proazaboek fan Hidde Boersma, dy’t earder debutearre mei de
dichtbondel
De rop om Doede
(2008).
Oer
Fol túch de
mist yn skreaune de resinsinten:
Boersma beskriuwt en bewûnderet aparte minsken dy’t har eigen
wei gean en hat each foar moaie situaasjes - Leeuwarder Courant
It hiele boek is eins in beskriuwing fan Boersma syn
libbensfilosofy. En de skriuwer ferstiet de keunst fan it moai
opskriuwen dêrfan - Ensafh
Taal / Language : Fries / Western Frisian
Extra informatie:
Ingenaaid: paperback,kaft slap, 192 pagina's
Verschenen: september 2011
Gewicht: 296 gram
Formaat: 207 x 139 x 19 mm
Friese Pers Boekerij

|
Boersma, Hidde, De gewoanste man fan Fryslân Prijs Euro 17.50
|
Bij u in huis op: woensdag
|
| Andere titels binnen de rubriek: |
| Friestalige boeken, romans/literatuur etc.
|