Tusken 1988 en 1995 ferskynden fan Durk van der Ploeg fjuwer romans, dy't hysels de Dongeradielen-syklus neamde,
De Jacht (1988),
It wrede foarjier (1994),
Reis nei de Kalkman (1995) en l
Itekken oer de spegel (1995).
Yn dizze fjouwer romans stiet de Twadde Wrâldoarloch sintraal en
de ferwurking dêrfan. Op magistrale wize set Durk van der Ploeg
in stik politike en sosjale skiednis del, dy't foar in soad fan syn
generaasjegenoaten noch altiten tige werkenber is. Mar hy stelt ek
aktuele kwestjes oan de oarder. Bygelyks de fraach oft wy tegearre mei
de Dúsers de Twadde Wrâldoarloch betinke kinne.
Mei
De Jacht en I
t wrede foarjier begûn foar Durk van der Ploeg it suskes by it gruttere lêzerspublyk. Dizze titels waarden ferskate kearen werprinte.
Reis nei de Kalkman en
It lekken oer de spegel
koene ek by de literêre krityk op in waarme ûntfangst
rekkenje, mar binne al wer in tal jierren útferkocht.
Genôch reden dus om dizze twa titels mei
it wrede foarjier no yn ien bân út te bringen.
De Dongeradielen-syklus is foar Durk van der Ploeg it begijn fan in
tige fruchtbere perioade yn syn skriuwerskip, dy't oant hjoeddedei
trochgiet. Hichtepunten yn syn oervre nei 1995 binne ûndermear
In bit yn it iis (1996),
it wurk fan 'e duvel (2000),
Foarby it Boarkumer fjoer (2002),
It himelsk oerwurk (2007) en
De kjeld fan it noarden (2010).
Tekst in Frysk
Ploeg, Durk van der, De oarloch fan Durk van der Ploeg Prijs Euro 22.50
|
Bij u in huis op: woensdag Betaal vóór: 16:00
|
| Andere titels binnen de rubriek: |
| Friestalige boeken, romans/literatuur etc.
|