
|
|||||||||||||
Rink
van der Velde
Wilco
BergaTslen jier letter stiet Arend Boomsma, destiids freon fan de jonge, en no wenjend yn Spanje, foar in dilemma. Syti heit, oannimmer op it eilân, is ûnferwachts stoarn. Probleem is dat er de man al tsien jier net mear sjoen hat - net sûnder reden - wylst er ek nochris bedrige wurdt troch de cardere, gewelddiedige partner fan syn Baskyske freondin.
Dochs begjint er oan de reis werom, sawol yn letterlike as figuerlike sin. Dat jildt ek foar twa fan syn susters, dy't op Malta en yn Frankryk wenje. Eindoel is de begraffenis op it eilân, met harren meni en noch twa susters.
Elk wit min ofte mear wat dêr te wachtsjen stiet. Mar elk wit ek dat it hiel oars útpakke kin - lykas seestreamen soms samar, en net te kearen, fan rjochting feroarje.
Corry
BoelensSy is in jonge frou, dy't troch eigen tadwaan min ofte mear allinnich komt te stean yn it grutbringen fan har beide dochters. Sels moat se harpaad ek noch sykje. Tagelyk wol se har bern op wei nei de folwoeksenens begeliede. En dat falt net altiten ta.
R.R.
van der Leest'Yn gjin oare roman wurdt de lêzer sa faak en sa kostlik foar de kroade riden - dat wol sizze, as er it spul meispylje wol. Wat soks net wolle, binne gewoan de lju dy't om de iene of oare reden net fan it boek hâlde. Dy kinne better har eigen gong gean en Tristram Shandy gewurde litte.'(Lodwick Harley oer it masterwurk fan Laurence Sterne)
In kâld keunstje is it lêste boek yn in rige romans fan Reinder Rienk van der Leest. Lêzers dy't nocht oan syn earder wurk hân hawwe, sille dizze útsetter net misse wolle. Oaren soe it in ynkommer foar wêze kinne.
Doeke
SijensUt de njoggentjinde ieu wurdt bygelyks wurk fan Tsjibbe Hearts van der Meulen, Waling Dykstra en J.S. van der Steegh tsjin it ljocht hâlden en út de tweintichste ieu boeken fan Hylkje Goïnga en Piter Terpstra. Der stean ek stikken yn oer Obe Postma, Reinder Brolsma en Douwe Kiestra. De lêzer komt grutte nammen tsjin en skriuwers dy't troch it geweld fan dy grutte nammen ûnderbeljochte bleaun binne.
Doeke Sijens lit mei dit boek op heldere en kundige wize sjen dat de Fryske literatuer ryk is oan moaie boeken en opfallende skriuwers. Der is folle mear as Gysbert Japicx, de Halbertsma's of Simke Kloosterman.
Ids
WillemsmaWillemsma syn niget oan de wrâld en wat dêr op wrot en wjokkelt is grut. Dy niget wit er op 'e lêzer oer te bringen yn spontane ferhalen, rjocht op 'e man ôf. Dër heart in goed miel iten by.
Troch de keunstner yllústrearre mei 20 tekeningen.
Henk
de HaanAs syn âlden stjerre, ûntdekt er dat der in geheim is yn syn libben. Hy moat op 'e syk nei syn woartels. De wierheid set syn libben en dat fan Miranda op syn kop.
It skaad fan de draak is krekt sa spannend en werkenber as in ôflevering fan Spoorloos!
Leo
PopmaKrekt in jier wie it hjoed. Mar foar itselde wie it fjouwer moanne lyn. As in ferdôving fielde it, se koe alles wer, mar it gefoel wie fuort. Alles wie wer op 'e regel, it hûs, de dagen oan skoalle, de pianolessen oan hûs, de klub. Mar se wie neat wizer wurden. In dossier wie se. Wêrom barde der neat? Om'tse neat fún hiene, sei Lutske hieltyd wer. En om'tsysels gjin brûkbere oanwizings jûn hie.
Dizze roman oer in moaie, iensume jonge frou, lit him leze in psychologyske thriller. In jier lyn waard it libben fan Katryn Averkamp, de haadpersoan fan De Wraakingel, folstein op 'e kop set troch in ûntheisterjende wraakaksje. Se besiket der achter te kommen wa't de dieder is, mar hat ek har eigen motiven om guon saken net hielendal iepen en bleat op tafel te lizzen.
Durk
van der PloegSa begjint de ferteller út de roman syn ferhaal oer de lêste oarlochswinter op 'e Hûnepleats te Falsum. It wrede foarjier is it twadde diel fan de Dongeradielsyklus: fjouwer romans dy't de Twadde Wrâldoarloch en de ferwurking dêrfan as ûnderwerp hawwe. De jacht, Reis nei de Kalkman en It lekken oer de spegel binne de oare titels yn dizze rige.
Hylke
GoïngaWol faker besiket Martha út 'e sleurwei te kommen en dan nimt se baantsjes oan dy't har net lizze of se set krûdnageltee dêr't aile oare húsgenoaten fan grize. Mei Martha is it altyd wat.
Hylkje Goïnga (1930 - 2001) fan Ysbrechtum waard ferneamd mei har tragikomyske ferhaien oer it echtpear Martha en Jaap, dy't o sa'n modern houlik hawvve. De ferhalebondels Thús is de maggi op en In superman fersûpt net makken har bekend by it grutte publyk. De novellen Frijende kikkerts en Nei it park binne oare hichtepunten út har wurk.
Rink
van der VeldeFeroaring fan lucht is humoristysk en maatskippijkritysk tagelyk. Fan dit boek binne yn 'e rin fan 'e jierren mar leafst 34.000 eksimplaren ferkocht. Ek as iepenloftspul is it ferhaal hieltyd wer in hoppeslach.
Rink van der Velde (1932-2001) wist as gjinien hoe't er de Friezen oan it lêzen krije moast. As skriuwer hat er in tal prachtige romans achterlitten, lykas De fûke, De longe jacht, De hûn sil om jim bylje en noch folle mear. Syn alderlêste boek, It guozzeroer stiet op deselde iensume hichte as De fûke. Ek de koarte ferhalen fan Rink van der Velde en de stikken oer Bokwerd wiene kear op kear in boppeslach.
Steven
SterkRegaad yn 'e himel is in roman grôtfol sterke stikken, mooie froulju en stjonkende duvelkes. It is in ûntdekkingstocht troch in himel dêr't ierdske swakheden noch altiten foar master opslaan. In satire op macht en leauwe.
Steven Sterk (1958) is keapman yn boeken, hâldt him fier fan de literatuer en is út en troch warber as útjouwer.
Bij u in huis op: woensdag (NL)
Josse
de HaanTrije manlju sykje Anna elk syn eigen. De manlju ferskille tige: ien hat him mei Anna's klean oan de muorre út 'e wrâld weromlutsen, de oare skriuwt brieven dêr't er Anna's libben rekonstruearret, de tredde siket Anna yn alle Anna's dy't er ea moete hat. Hy hat brieven fan Anna.
Ien ding bynt har, se binne sljocht op it liet Les Feuilles Mortes fan Juliette Gréco - oer leafdes dy't stjerre.
Tr.
RiemersmaDynte Planteit en Nier Hinnebruiler wurde ûnffierd troch in Israëliaanske geheime tsjinst, noch geheimer as de Mossad. Se wurde harsenspield en ynset yn de striid tsjin de Palestinianen.
Dy striid fiere se mei alle macht, oant stikje by bytsje har âlde persoonlikheden wer boppe komme. Dan binne se net langer brûkber foar de geheime tsjinst en sille eliminearre wurde.
Ronald
GiphartRonald Giphart (1965) is ien fan de bêt ferkochte skriuwers yn Nederlân. Hy skreau ûnder mear: Ik ook van jou, Giph, Het feest der liefde, De voorzitter en Het leukste jaar uit de geschiedenis van de mensheid.
Dit ferhaal ferskynt yn 't earstoan allinnich yn it Frysk.
Dit verhaal verschijnt vooralsnog alleen in
het Fries.
Jaap
KrolIn situaasje. In mins hat net alles, in mins kin net alles, tinke se. In mins is net alwittend. Dochs wurde se besjoen. Guon rinne tafallich troch de strjitte en belje oan; as der net iepen dien wurdt, sjogge se eefkes troch it rút.
Anders
M. Rozendal
Koos
TiemersmaIen ding is wis: yn dizze roman binne de dingen net altyd wat se op it earste gesicht lykje te wêzen. Dit is in roman mei djipgong en tagelyk mei in humoristyske knypeach. In boek om net te missen!
Durk
van der PloegDoe't Hesling - dy't syn heir noait kend hat - in jier of fiif wie, stoar syn mem en waard de húshâlding útinoar skuord. Hesling waard yn de húshâlding fan in ornke en muoike te Dokkum besteld. Se wermen dêr tsjin de stêd oan yn It Paradys, in útwenne rychje huzen deun njonken it spoar fan it Dokkumer Lokaeltsje en achter de eksportslachterij. Dy lokaasje spilet in wichtige rol yn it ferhaal, lykas ek de geheime leafde fear syn nichtsje Aukje. Sûnt Hesling yn 1949 nei Kanada emigrearre hat er fan de húshâlding dêr't er yn telâne kaam, noch fan syn bruorren wer war heard of sjoen.
Nei't er in tal dagen te Dokkum omslein hat, begjint er him ôf te freegjen nei wa't er no eins op 'e siik is.
Riek
LandmanDe roman In sterke frou is sûnt de earste printinge yn 1995 in echte bestseller. Mei dit boek lit skriuwster Riek Landman in nije, mear literêre kant fan har skriuwerskip sjen, nei har suksesfolle rige Sigrid en Anke-boeken. Har lêste roman, De tiid fan Jentsje (2004), it earste diel fan in famyljetrilogy, is ek wer in echte boppeslach.
Yn de Merkel Rige ferskine op 'e nij in tal tige suksesfolle titels út de Fryske literatuer dy't al inkelde jierren net mear leverber wiene.
Tiny
MulderMar Kanada is ek net it paradys dat harren foarspegele is. De earste lange sniewinter yn in blokhut sil Saakje noch lang heuge. Se bliuwt mar ûnwennich, nettsjinsteance har fleurige brieven nei hûs. En dat de gefolgen fan de besettingstiid yn Fryslân sels yn Kanada ynfloed op har libbenslot krije, hie Sarah al hielendal net ferwachte.
Tiny Mulder jout yn In moaie leeftyd in earlik byld fan it emigrantebestean. As romanskriuwster waard se yn de jierren tachtich tige bekend troch Tin iis, it boek oer har eigen ûnderfinings yn de Twadde Wrâldoarloch. De Nederlânske oersetting Gevaarlijk ijs waard ek in grut sukses. Yn 1986 krige se de Gysbert Japicxpriis foar har dichtbondel Oh in stêd, ah in lân en foar har hiele literêre wurk.
Yn de Merkel Rige ferskine op 'e nij in tal tige suksesfolle titels út de Fryske literatuer dy't al inkeldejierren net meor leverber wiene.
Lieuwe
PietersenDe ûnfoarspelberew, fan Afke en de ferdwining fan Hidde sette syn wrâld úteinlik folslein op 'e kop.
Gebonden,
Friedrich
NietzscheSyn krityk op it kristendom is dêr in fbarbyld fan, mar ek syn krityk op it sosjalisme, it gelykheidsbegjinsel en oare moderne ideeën. Mei syn wurk hat er allerhande skriuwers, keunstners en yntellektuelen yngeand beynfloede.
Oarekant goed en kwea is it twadde boek dat útkomt yn de rige Nietzsche-oersettingen. De fertsjinste fan dit boek is dat it de westerske minske bewust makket fan de hiele problematyk om de moraal hirme.
Tagelyk wiist Nietzsche hjir, njonken de negative kant fan de betizing en de destruksje, op in positive kant: It morele libben leit wer iepen, it yndividu kin der wer dingen yn ûntdekke, oer himsels en oer oaren. Nei de foarm hat it in losse struktuer. It ûntlient syn ienheid mear oan de ynhâldlike koherinsje fan Nietzsche syn tinken as oan in strakke formele opset. Dy informele, bytiden suver deiboekeffige, toan makket dat it noflik lêzen is.
Oersetting: Eric Hoekstra
Klaske
HiemstraBrecht makket harsels wiis dat se net siik is, mar krekt yn steat is
om oare minsken mei psychyske problemen te helpen.
It is in oangripend, beëangstigjend mar soms ek humoristysk ferhaal.
Elske
SchotanusNijsgjirrige, moderne ferhalen.

|
|
||||
|
||||
|