Kasper de Wagt komt yn dit boek yn de kunde mei aparte minsken dy't faak mei in humoristysk glimke delset wurde. Der is in boer dy't mear fan ezels hâldt as fan syn kij, en in streuper, dy't mear op bat mei murden as mei minsken, ora mar in pear foarbylden te neamen.
Dêrneist sit dit boek grôtfol mei prachtige natuer- en jachtbeskriuwingen dy't Rink van der Velde as gjin oarenien ùt de pinne krige. Ek dat aspekt bepaalt de grutte literêre wearde fan dit boek.
De kroechferhalen
Rink van der Velde (1932-2001) wie ien fan de populêrste skriuwers dy't Fryslân oait kend hat. Syn wurk, benammen syn ynkringende oarlochsnovelle De fûke, waard bekroand mei de Gysbert Japikspriis.
Guon boeken hearre ta de kearn fan de literatuer. De Fûke fan Rink van der Velde (1932-2001) is sa’n boek. It ferhaal oer de ynbannige fiskerman dy’t troch de Dútsers oppakt wurdt en ûnder it ferhoar hieltyd fierder yn de ‘fûke’ bedarret, boeit de lêzers no al hast fjirtich jier. Mei rjocht en reden! It boek lei Rink van der Velde tige nei oan it hert. De roman ferskynde yn it Nederlânsk, Ingelsk en Oekraynsk. Op ‘t heden wurdt oan in Hebrieuske oersetting wurke, dy’t yn Israël ferskine sil. Yn 1999 kaam de film út, mei Rense Westra yn de haadrol en Steven de Jong as regisseur. Jan Willem van de Wetering oer de The trap, de Amerikaanske oersetting: ‘Der is nei alle gedachten gjin boek dat better de Twadde Wrâldkriich opropt as ‘De fûke’. It is noris gjin heldeferhaal, maar it ferhaal fan in man dy’t alles yn syn libben ferlern hat.’ Sjoerd Leiker yn Het Vrije Volk: ‘De wrakseling fan de fiskerman om in kromke frijheid ropt yn ‘e fierte by jin de gedachte op oan "The old man and the sea" fan Ernest Hemingway. Mar dan sûnder in spoar fan de patetyk, dy’t Hemingway by alle soberens sa eigen wie. Van der Velde syn fiskerman is in ynbannige Fries, in held sûnder hoop en gloarje.’
Smoarge grûn
De âlde Klaas Vogelzang hie it al goed foar it ferstan: oan smoarge grûn fertsjinje jo mear as oan skjinne. Mar Cleaning and Recycling is net langer in famyljebedriuwyn ôffal. Der stiet no in doktorandus út Brabân oan de lieding en op de dwinger oan de Poasen wurdt yllegaal stoart. Wat die Klaas dêr oan de Poasen mei syn boarke, sa flak foar syn hommels ferstjerren? Ald-plysjeman Homme Veldstra stelt op eigen manneboet in ûndersyk yn en dûkt djip yn 'e skiednis fan de rike skevels dy't oait yn in earmoedich arkje oan de Kletsterfeart wennen.
Smoarge grûn is skreaun yn 1998 en noch altiten in tige aktueel ferhaal. Smout en mei humor ferteld, mar mei in serieuze ûnder-toan sa't allinne Rink van der Velde dat koe.
Tekst in Frysk
Rjochtdei op de Skieding
By Puntpeal op de Skieding, achter Drachtster-kompenije, wurdt it lyk fan in âldere Dútser fûn. Plysjeman Bonne Hos en syn âld-kollega Homme Veldstra sjoggc daliks dat it om in moard giet. Soe it in lette wraakaksje west hawwe? Yn maaie 1943 binne sechstjin manlju lit de omkritcn by Trimunt fermoarde troch de besetter. By it ûndersyk ûnder de neibestean-den kom me Bonne en Homme derachter dat foar dizze minsken noch altitcn it biedwurd 'hearre, sjen en swije' jildt.
De Ladder
Het poëtische en soms hilarische verhaal van een jongetje op een Friese boerderij in 1942. Op latere leeftijd overdenkt hij wat er in de oorlogsjaren eigenlijk gebeurd is. Hij gaat op zoek naar de mysterieuze Job Wassermann, een Duitse jood die destijds op de boerderij was ondergedoken.
De Friese roman De Ijedder was in 2002 het opmerkelijke debuut van Koos Tiemersma. Het boek werd bekroond met de eerste Rink van der Velde-prijs en verschillende keren herdrukt. In de serie 'Friese topschrijvers' verschijnen tegelijkertijd de romans Prospero van Nyk de Vries en Zwam engelen van Willem Schoorstra.
Koos Tiemersma (1952) publiceerde na De Ijedder de romans De mjitte (2004) en It liet Jan de ibis (2006). In 2007 verscheen Mind Games, het Friese boekenweekgeschenk.