It lang ferwachte ferfolch op ‘De tiid fan Jentsje’
‘De striid fan Marte’ is it twadde diel fan Riek Landman har
famyljetrilogy, dy’t ferline jier sa suksesfol begûn mei ‘De tiid
fan Jentsje’.
Marte, de dochter fan Jentsje, trout mei har grutte leafde Simon. As de
Twadde Wrâldoarloch útbrekt, docht al gau bliken dat Simon
oan ’e earen ta yn it fersetswurk sit. Fangefolgen moat Marte mei har
beide lytse bern ûnderdûke. It falt de jonge frou swier om
sa lang sûnder Simon te wêzen. Nei de oarloch docht bliken
dat Simon en Marte wer enoarm oaninoar wenne moatte. Dochs komt de
romantyk werom yn it libben fan Marte, al bart dat op in hiele oare
wize as sy sels oait tocht hie.
Riek Landman beskriuwt mei waarmte it roerige libben fan Marte yn de
perioade tusken 1940 en 1989. Wat Marte as frou en mem meimakket, is
tige werkenber. Tagelyk jout de skriuwster in boeiend byld fan de hurd
feroarjende wrâld yn dy tiid: fan de ynfal fan de Dútse
besetter oant en mei de fal fan de Berlynske muorre
Extra informatie:
Ingenaaid, 253 pagina's
Verschenen: april 2008
Gewicht: 329 gram
Formaat: 211 x 125 x 24 mm
Friese Pers/Noordboek
|
|
Riek Landman
De leafdes van Janne
Prijs Euro 17.50
Nei de suksesfolle romans De tiid fan Jentsje en De striid
fan Marte ferskynt no it langferwachte leste diel fan dizze famyljetrilogy,
De leafdes fan Janne.
Janne wennet yn de provotiid yn Amsterdam yn in kommune. De jierren
fan de frije leafde en de protestdemonstraasjes. Mar as underwizeres en
toanielminske fielt se har dochs better thus yn Fryslan, dêr't se
mei Arjen trout. As dit houlik op 'e non rint, is der wer romte foar nije
relaasjes.
Yn dit bysunder spannende en sfearfolle boek folgje wy Janne, har dochters
en leafdes op 'e foet. Janne liket foar de leafde skepen te wezen. Mar
se komt ta it yn-sjoch dat al dy wikseljende relaasjes yn wezen feroarsa-ke
wurde troch ien dramatysk barren ut har ferline.
Extra informatie:
Ingenaaid, 256 pagina's
Verschenen: april 2008
Gewicht: 331 gram
Formaat: 211 x 126 x 25 mm
Friese Pers/Noordboek
|
|
Toon
rubrieken