Toanielspyljen hat wat magysk. Op dat stuit is men twa minsken. Op it
toaniel binne it de ûnferwachte dingen dy’t foar de moaiste mominten
soargje. It makket toaniel ta in feest.
Mar toanielspyljen is ek
altyd op de toppen fan de senuwen rinne, om’t je noait witte hoe’t it
falle sil. Elke jûn is oars en it kin samar misbeteare: dan dogge je it
as spiler krekt net goed en is de bân mei it publyk ferbrutsen.
Tetman
de Vries song: ‘Ik sjong net foar de sinten, dy krij ik der op ta ...’
Sa is it mei toanielspyljen ek: je krije der in libben op ta.
Yn dit
boek fertelt Riek Landman it meinimmende ferhaal fan har libben, dêr’t
toaniel sa’n grutte rol yn spilet. Oer har bernejierren yn Drachten,
har tiid by it selskip fan Tetman de Vries en har jierren by Tryater.
Tekst in Frysk
Taal / Language : Fries / Western Frisian
Extra informatie:
Ingenaaid: paperback,kaft slap, 143 pagina's
Met illustraties
Verschenen: september 2010
Gewicht: 223 gram
Formaat: 211 x 146 x 14 mm
20 Leafdesdichten BV

|
|
Landman, Riek, Feest mei toaniel Prijs Euro 17.50
|
Bij u in huis op: zaterdag Betaal vóór: 16:00
|
Liet foar myn jonge
Prijs Euro 18.50
De Fryske boerefamylje Seffinga emigraerret mei de bern yn de
sechstiger jierren nei Normandië. Nei de dea fan heit Keimpe
bliuwt syn widdo Minke wenjen yn it grutte âlde hûs
by har dochter Andrea en dy har húshâlding. Minke har
soan Arjen kin net rjocht aardzje yn Frankryk. Hy wurket earst yn
Cherbourg en letter wennet er yn earmoedige omstannichheden yn Parys.
In inkelde brief is syn iennichste kontakt mei de famylje. Minke
begjint him stadichwei tige te missen en de langst nei har eardere
doarp yn Fryslân spilet ek hieltyd mear op. Dizze sfearfolle
roman smyt de lêzers werom op harren eigen gefoelens fan langst
en dreamen en fan mooglikheden ta treast.
Tekst in Frysk
Taal / Language : Fries / Western Frisian
Landman, R., Liet foar myn jonge Prijs Euro 18.50
|
Bij u in huis op: zaterdag Betaal vóór: 16:00
|
Toon
rubrieken